Terug naar Verenigingen nieuws

Syktocht/bynammepuzzel Walk of Fame

Gepubliceerd op:
Syktocht/bynammepuzzel Walk of Fame

Ynteraktieve strjitfersiering fan de Hofkesjongers

 

Beste Doarpsgenoaten,

Wolkom op ús Walk of Fame, by de Berltsumer stjerren.
Wy wolle jim dit feest yn de kunde bringe mei de bynammen fan Berltsumers mar foaral fan âld Berltsumers.

Wy ha in syktocht/bynammepuzzel foar jo makke!
Jo krije tidens de Parade fan woansdeitojûn formulieren útrikt om hjir oan mei te dwaan of jo kinne in formulier oanfreegje fia de mail by:

hofkesjongers@gmail.com

De opdracht is as folget:
Sykje yn ús strjitte/buurt de pealnûmers op en ûntdek de BYNAMME. Wy sykje de bynammen yn it Frysk. Skriuw de letter dêrfan op dy't wy sykje op it útrikte papier.As jo alles ynfold ha sjogge jo in Fryske siswize fan boppe nei ûnder.
Dizze kinne jo ynleverje oant freedtomoarn 12.00 ûre op it formulier by Marinus Stoffers fan Buurtferiening "de Hofkesjongers" Tsjerkestrjitte 3.

Op de freedtojûn meitsje wy de winner bekind, dy't fan ús in moaie priis ûntfangt. Bewarje jo administraasje foar de kontrôle.

Doch mei, striid mei, tink nei en kom efter al dy moaie bynammen.
In protte sukses tawinske!!!!

Mei freonlike groetnis,
" De Hofkesjongers" fan de Hofsleane. 
Fan Brêge oant Skoalstrjitte.

 

Coronasubsidie voor culturele instellingen Waadhoeke

 tijdelijke coronasteun voor culturele instellingen.

 

Welkom terug in de kerk

Als kerkenraad zijn we dankbaar dat we vanaf a.s. zondag 20 juni de de…