Terug naar Verenigingen nieuws

Minibieb yn Berltsum

Gepubliceerd op:
Minibieb yn Berltsum

“Wy lêze in protte boeken, mar de boekenkast rekket fol. En boeken fuortgoaie leit net yn ús aard, dus ha wy sûnt 1 jannewaris in Minibieb op de daam tsjin it stek stean. Wy sette sy yn it kastje en jo kinne fergees liene of ruilje.”

Berltsum hat in minibieb op de Hofsleane 76, by Pieter Jan en Janneke.

Spulrigels: liene of ruilje.

Jo rinne/fytse/ride by ús del. Sjogge in boek fan jo gading, dan nimme jo dat mei. Jo sette der wer in oar boek del, of jo bringe it boek werom as jo it út ha. Foar elts in  win- win effekt. It kost neat en in protte wille as it treft. En as it net treft: gjin man oerboard want it hat neat koste.

 

Dus kom gau del, weagje in skot, wikselje, lêze mei in protte plesier! No hielendal yn coronatiid….., it is mar in hoannestap, jo hoege net fier fan hûs om lêsplesier yn hûs te heljen.

 

Groetnis, Pieter Jan Smit en Janneke Bergsma

Kids Picknick 4 juli as

Deelname voor de groepen 1 t/m 8 (zonder begeleiding van volwassen)  

 

Koffie en een goed gesprek bij De Sk├╗le

“Het is heerlijk om even je hart te kunnen luchten en ook om te luisteren …