Terug naar Verenigingen nieuws

Lijn 71: In needsaak foar ús doarpen!!

Gepubliceerd op:
Lijn 71: In needsaak foar ús doarpen!!

It raast oan de protters dat ús Provinsje it plan stipet lijn 71 fan Arriva te skrassen.

Wy ferwachtsje dat yn ús provinsjebestjoer minsken sitte dy’t de leefberheid fan de lytse doarpen stimuleare. Net meitinke mei grutte kommersjele bedriuwen as Arriva, mar de berikberens fan lytse doarpen belangryk fine.

Wy litte ús gjin sân yn de eachen struie troch Avine Fokkens dy’t mei wurden ompankoekbakt: as besúnigje en “efficiency”.

Wy binne net unnoazel!!
Hokker wurd der ek oan hongen wurdt, it is ûnakseptabel. Wy ferwachtsje fan ús Provinsjebestjoer dat sy har dwers tsjin sokke plannen keare , ynstee fan meitinke mei de ferfierder.

Yn Berltsum binne rom 120 bedriuwen, wêrfan 75 harren organiseare ha by Undernimmend Berltsum Wier. Wy wolle dat foar us bedriuwen it mogelik bliuwt disse te berikken mei it iepenbier ferfier.
Sawol foar klanten as foar wurknimmers.
En fansels fine wy ek dat de âlderein en studinten yn ús doarp wenje bliuwe moatte en gebrûk meitsje kinne fan it iepenbier ferfier en op sneontejun de stappers!..

Mar no sil ús eigen Provinsjebestjoer it plan stypje de buslijn 71 te skrassen!!
It liket nearne nei.

Wy wolle en easkje dat lijn 71 bestean bliuwt sa dat wy krimp te liif gean en berikberens behâlde.


Janneke Bergsma foarsitter fan U.B.W.
Undernimmend Berltsum Wier

Welkom terug in de kerk

Als kerkenraad zijn we dankbaar dat we vanaf a.s. zondag 20 juni de de…

 

Bibliotheek zoekt taal- en digitaal vrijwilligers voor het Digi-Taalhuis in de Bibliotheek.

Het lijkt zo gemakkelijk, een whatsapp met de mobiel versturen, de krant lezen o…