Terug naar Verenigingen nieuws

Geskiednis fan doarpskrante yn hânen fan it dokumintaasje sintrum

Gepubliceerd op:

Op tongersdei 10 oktober 2013 hat de redaksje fan de doarpskrante fan Berltsum “Op ‘e Roaster” harren kranteskiednis oerdroegen oan it dokumintaasjesintrum “De Grusert” yn Berltsum. Dizze oerdracht barde troch it oerhandigjen fan 6 grutte mappen węryn de kranten fan 1984 ôf troch us boekbiner ut Wier űnderbrocht binne. Mei it earste boek hat it dokumintaasje sintrum de skiednis fan “Op ‘e Roaster” no kompleet. By de oerdracht fan ‘e boeken hat de redaksje oan de minsken fan it dokumintaasjesintrum mei klam frege om soarch te stean foar it gefoelige krantepapier. En dat se hjir al oer neitocht hiene bliek wol út de wurden: “Wy hawwe de wantsjes al klearlizzen, want we witte hiel goed dat we noed stean moatte foar itjinge wer wy foar stean”. De redaksje is fan tinken dat us skiednis yn betroubere hannen is. Yn “Op ‘e Roaster” fan novimber 2013 sil spesjaal oandacht besteed wurde oan de oerdracht en it wurk dat dizze groep frijwilligers foar us doarp ferset. Nei in oantal besiken oan dit dokumintaasjesintrum reitsje wy stadich oan mear űnder de yndruk wat er oan skiednis fan dit doarp fęstlein is. In juwiel om sunich op te wezen. Sy fertsjinje dan ek in brede steun troch alle ynwenners.

Welkom terug in de kerk

Als kerkenraad zijn we dankbaar dat we vanaf a.s. zondag 20 juni de de…

 

Bibliotheek zoekt taal- en digitaal vrijwilligers voor het Digi-Taalhuis in de Bibliotheek.

Het lijkt zo gemakkelijk, een whatsapp met de mobiel versturen, de krant lezen o…