Terug naar Verenigingen nieuws

Beslutelist fan de gearkomst fan de kommisje sosjaal domein Menameradiel

Gepubliceerd op:
Beslutelist fan de gearkomst fan de kommisje sosjaal domein Menameradiel

Tiisdei 3 novimber 2015, Skerne Wibe, Ingelum

Oanwêzich
Plakferf. foarsitter : de hear A. Osinga  
Plakferf. griffier : mefrou K. Schots
P.v.d.A. : de hear T. Cuperus 
F.N.P. : mefrou Tijsma en de hear S. Knol
GroenLinks : de hearen K. Iepema en J. Harms
C.D.A. : de hearen J. Eijzenga en J.J. Zijlstra
Gemeentebelangen : mefrou A.M. Mast en de hear K. Arendz
V.V.D. : de hearen H. Terpstra en A. Magre
Kolleezje : wethâlder A. Dijkstra
Mei kundskip ôfwêzich : -

 

1. Iepenings en meidielings
Foarsitter iepenet de gearkomste om 20:00 oere mei in hertlik wolkom. De hearen Cuperus en Zijlstra komme wat letter.

2. It fêststellen fan de wurklist
De wurklist wurdt fêststeld.

3. Presintaasje Tikk Dagbesteding, Bitgummole
Ynsprekker Kristina Karthaus fertelt oer Tikk Dagbesteding. It bedriuw bestiet sûnt 2014 en biedt deibesteging mei ûnder oaren in keuken en in houtwurkpleats. By it bedriuw wurkje de twa eigeners, in stazjêr, in frijwilliger en ien persoan op in wurkunderfiningsplak. Der is plak foar maksimaal 10 kliïnten deis. Tikk Dagbesteding is in lyts bedriuw wêrtroch maatwurk mooglik is. It bedriuw wol dat har kliïnten (jong folwoeksenen mei in psychyske of licht ferstanlike beheining) groeie, nei in baan, nei in sûne en sosjale libbensstyl ensafuorthinne. De jongerein wolle net langer allinnich thús sitte, mar wolle harren situaasje ferbetterje. By Tikk kinne se yn de houtwurkplaats meubels opknappe, ha se in pikehok boud en meitsje se skaakbuorden. Yn it atelier binne jongerein kreatyf dwaande mei bygelyks keramyk of skilderijen. Yn de tún wurdt it ûnderhâld dien en yn de kas wurdt griente ferboud. Dy griente wurdt ek klearmakke en mei inoar opiten yn de pauze sa’t elk in goed en sûn miel kriget. Fierder wurdt der jam en taart makke en ferkocht. It bedriuw hâldt it doarp ek leefber troch te helpen as der bygelyks in beam omwaaid is.
De drompel nei de deibesteging wurdt sa leech mooglik holden, bygelyks troch kliïnten op te heljen en werom te bringen. De ynsprekker wol de kommisje noch in pear saken meijaan. Sa binne de ferskillen yn tariven hiel grut, foar de iene kliïnt giet it om in aardich bedrach yn’t oere, foar de oare kliïnt om in lytse fergoeding yn’e moanne. In lytsskalige deibesteging as Tikk komt dêr net mei ut. Ek is it ferskil tusken lytse en grutte soarchoanbieder hiel grut. As lytse bedriuwen net sels in kontrakt ha, dan wurde se ûnderoannimmer. Mar dan bliuwt der in soad jild (somtiden 30%) by de earste oannimmer lizzen. Sa bliuwt der neat oer, kin dêr noch ris nei sjoen wurde?

4. Presintaasje De Tuorrebout, Menaam
Ynsprekker Jan Bakker fertelt oer De Tuorrebout, lytsskalige deibesteging yn Menaam en soarchbuorkerij yn Boazum. De deibesteging fynt plak troch ûnder oaren túnûnderhâld, administratyf- en produksjewurk, houtbewurking, iten sieren en fersoarging fan bisten. De produkten dy’t makke wurde, wurde ek ferkocht. De kliïnten binne jongerein mei in beheining, mar ek minsken mei niet-aangeboren-hersenletsel en aansten ek deminte minsken. Dy kombinaasje wurket hiel goed. De Tuorrebout biedt ek passend ûnderwiis en hat in útfanhúzersfunskje. De ambysje fan De Tuorrebout is in gruttere doarpsbuorkerij, wêr’t de kliïnten wat oan ha, mar it doarp ek.

5. Utstel formaasje gebietsteam (5 novimber beslútfoarming yn de rie)
Wethâlder Dijkstra seit dat in part fan de mearkosten út de algemiene reserve komme soe, mar dat blykt net noadich om’t der in meifaller yn de wersjoene begrutting sit. Moarn wurdt it troch it algemien bestjoer besprutsen. Wethâlder komt der tongersdei op werom. De hear Iepema (GL) freget oer de achterlizzende stikken troch wa’t se skreaun binne, oan wa’t se rjochten binne en wat it doel wie.
Wethâlder Dijkstra seit dat it earst stik it útstel foar it kolleezje is, dêrneist is der in útstel foar de rie. It oanfoljende stik is fan it beleidskoordinaasjeteam. De memo is de basis foar it stik dat no foarleit. Mefrou Tijsma (FNP) fynt it wichtich dat it gebietsteam oan de opdracht fan de gemeente foldwaan kin, de formaasje moat dan ek stabyl wêze. FNP freget de wethâlder de kommisje goed op’e hichte te hâlden. FNP sil yn de rie in posityf advys jaan.
De hear Cuperus (PvdA) slút dêrby oan. Oangeande de finânsjes/payrol: in payrol- konstruksje is dreech, want it jout oan dat dy minsken de bûtenste râne fan it team foarmje. As it minder giet lizze se der as earste út, dat makket it team kwetsber. Foar it team en de kliïnten is it goed as deselde minsken bliuwe. De fraksje freget de wethâlder derop oan te trunen dy konstruksje te feroarjen. Wethâlder Dijkstra tinkt dat it derfoar no te betiid is, der wurdt no earst mei dit team trochgong. By de evaluaasje wurdt sjoen wat de beste konstruksje is. De hear Arendz (GB) wachtet de reaksje fan de wethâlder tongersdei noch even ôf. It falt de fraksje op dat de kosten foar bygelyks MEE hiel heech binne, kin dêr noch ris nei sjoen wurde en mei de direksje oer praat wurde? Wethâlder Dijkstra hat it dêroer ek mei it kolleezje en de Tsjinst hân. Der wurdt sjoen oft dit petear mei MEE oer it hiele wurkgebiet fierd wurde kin. De hear Zijlstra (CDA) lêst yn it stik wat oer politike en bestjoerlike druk. Wat betsjut dat? Wethâlder Dijkstra seit dat der druk leit op de takomst: kin it gebietsteam fierder of komme der wizigingen mei yngong fan 1 jannewaris? De hear Terpstra (VVD) mist yn dit stik in fergelyk mei 2015. Yn 2015 is der twa kear in ton byrûsd, yn 2016 wurdt der 280.000 euro by dien, dat is hast in ferdûbeling fan it budzjet. Dat ropt fragen op. De keukentafelpetearen soenen besparje, mar dy besparring is noch net werom te sjen. It gebietsteam fielt politike druk, dat wurde earder ek al beneamd. Mar dy druk is net sa nuver, want der moat hieltyd jild by en de kommisje en de rie moatte kritysk wêze. Wethâlder Dijkstra sil it fergelyk mei 2015 helder meitsje. De besparringen fan de keukentafelpetearen ynsichtlik meitsje is no dreech, it sil úteinlik wol ut de sifers fan de Tsjinst blike. It ekstra jild foar it gebietsteam gong yn Menameradiel fia de rie, yn oare gemeenten wie der in potsje foar reservearre en koe it hurder regele wurde. Dêrom wurdt dy druk hjir wol field, mar yn oere gemeenten minder. Der komt in útstel foar it oanpassen fan de mienskiplike regeling, sa kriget de rie mear foech. De gemeentesekretarissen binne dermei dwaande. Foarsitter seit dat it gebietsteam in minne start hie, de leden komme út ferskate organisaasjes, moasten fan út ferskate achtergrûnen gearwurkje en krigen te kampen mei technyske problemen. Untank dy minne start giet it goed, it gebietsteam wurdt hieltyd mearin goed team en der binne gjin wachtlisten. Fansels moat der goed oan it gebietsteam wurke wurde, mar de gemeente mei der ek bliid mei wêze.

6. Fêststellen fan it ferslach fan 6 oktober 2015
De hear Iepema (GL) mist de tasizzingen dy’t de boargemaster dien hat by punt 3. Dy wurde taheakke.
It ferslach wurdt fêststeld.

7. Ynkommen stikken
-

8. Ynformaasje portefuljehalder en kolleezje
Wethâlder Dijkstra seit dat it gebietsteam ferhuzet nei de keamer fan ict. De wethâlder hat in dei mei it gebietsteam meirûn, dat hat in goeie yndruk fan it wurk jûn. Yn it kolleezje binne de mooglikheden fan subsydzje foar doarpsinsiajtiven besprutsen, der komt in útstel nei de rie ta.

9. List mei ôfspraken en tasizzings
De tasizzingen fan boargemaster fan Mourik oer de tsjinprestaasje wurde taheakke. Wethâlder Dijkstra oangeande FSU (tasizzing 10-02); de provinsjale subsydzje wurdt de kommende 3 jier ôfboud. Yn de rin fan de tiid sil de FSU by de gemeente komme. De gemeente kin dan sels bepale wat dermei dien wurdt. Dizze tasizzing wurdt ôffierd.
De hear Terpstra (VVD) freget oft de FSU net better by de kliïnterie oanslute kin. De hear Iepema (GL) freget oft der al mear dúdlik is oer de tasizzing fan 02-09-2014 (hege salarissen). Wethâlder Dijkstra hat dizze fraach útset, mar der is noch gjin antwurd. Hy sil de fraach werhelje.

10. Beneamen Tjeerd Cuperus as foarsitter kommisje sosjaal domein
Foarsitter is bliid dat de hear Cuperus tasein hat foarsitter te wurden, hy hat in soad kunde fan dit domein. Foarsitter winsket him in soad sukses yn dizze funksje.

11. Rûnfraach en sluting
-

Foarsitter slút de gearkomste om 21.35 oere.


Plakferf. griffier,           Plakferf. foarsitter,
K. Schots                     A. Osinga

 

Welkom terug in de kerk

Als kerkenraad zijn we dankbaar dat we vanaf a.s. zondag 20 juni de de…

 

Bibliotheek zoekt taal- en digitaal vrijwilligers voor het Digi-Taalhuis in de Bibliotheek.

Het lijkt zo gemakkelijk, een whatsapp met de mobiel versturen, de krant lezen o…