Terug naar Verenigingen nieuws

Salpeterzuurlek bij kaasfabriek Dronrijp

Gepubliceerd op:
Salpeterzuurlek bij kaasfabriek Dronrijp

Freedtemiddei om 12.00 oere hat de brânwacht it alaarm foar it doarp Dronryp fuortendaliks ynlutsen. It gefaar is oer, ferkear fan bűten is wer wolkom yn it doarp. De brânwacht jout ynwenners fan it doarp it advys om harren wenten en oare ôfsletten romtes foaral sa goed mooglik te fentilearjen. De loft by Dronryp, dy't kontinu metten wurdt troch in mjitploech fan 'e brânwacht, is no wer frij fan skealike stoffen. De brânwacht sloech freedtemoarn even nei 10 oere alaarm nei it űntstean fan in gaslek by it tsiisfabryk fan Friesland Campina. As gefolch fan it gaslek dreau freedtemoarn in wolk mei salpetersoer oer it doarp. Dy wolk driuwt no fierder oer Noardwest-Fryslân. Gefaar Dronryp foarbij 06-11-2009 | 11:41 De plysje hat it doarp Dronryp wer frijjűn foar alle ferkear. It gefaar yn it doarp is wer foarbij, sa seit de brânwacht. De brânwacht hat wol de skoallen yn it doarp frege om de bern foarearst noch even binnendoar te hâlden. Yn Dronryp waard even nei tsien oere alaarm slein doe't in wolk mei salpetersoer űntsnapte nei in gaslek by it Frico-tsiisfabryk oan de súdkant fan it doarp. De gaswolk driuwt no fierder yn noardwestlike rjochting. Gevaar Dronrijp voorbij 06-11-2009 | 11:36 De politie Fryslân heeft het dorp Dronrijp weer vrijgegeven voor het verkeer. Eerder werden zelfs vertegenwoordigers van de media tegengehouden bij de ingang van het dorp. De politie Fryslân heeft even na elf uur het signaal afgegeven dat het gevaar voor het dorp voorbij is. De gaswolk drijft verder. Dorpen aan de noardwestkant van Dronrijp moeten de deuren en ramen nog gesloten houden. Ekstra Hjoed om 13.00 oere 06-11-2009 | 10:44 Omrop Fryslân Televyzje komt freedtemiddei om 13.00 oere mei in ekstra útstjoering fan nijsprogramma Hjoed. De ekstra Hjoed giet oer it ynsidint by it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp. Yn Hjoed de lęste stân fan saken yn Dronryp. Ferslachjouwers fan 'e omrop binne yn it doarp en prate je by. Yn Dronryp en omkriten giene om 10.30 oere de sirenes ôf. Ynwenners fan it doarp krigen it driuwende advys om yn 'e hűs te bliuwen. bron: Omrop Fryslan foto: Jaring Rispens

Presentatie Gernierswei XXL-Koekoeksleane-Bitgumerdyk aan gemeenteraad en B&W

Van november 2020 t/m juli 2021 zijn er 14 geregistreerde ongevallen met gewonde…

 

Zaterdag is de Koepelkerk geopend

Aanstaande zaterdag is het Open Monumentendag. Daarom kan zaterdagmiddag de Koep…