Terug naar Verenigingen nieuws

Keimpe de Krokodil leart ús Frysk, Biltsk en Frjentsjerters

Gepubliceerd op:
Keimpe de Krokodil leart ús Frysk, Biltsk en Frjentsjerters

Mei help fan Keimpe de Krokodil komme de gasten fan goed 15 Fryske restaurants dizze simmer yn de kunde mei it rike Fryske taalferskaat. De Afûk biedt restaurants placemats fol meartalige spultsjes en in meartalich lêsboekje ‘IIs foar Eef’ oan foar de jongste gasten. Yn Waadhoeke dogge fiif restaurants mei. En is der neist it Frysk fansels omtinken foar it Biltsk en it Frjentsjerters.

Wer mear besikers yn de hoareka

As it foarútsjoch kloppet, sille der hieltyd mear besikers - út eigen provinsje en fan dêrbûten - in besite bringe oan de hoareka yn Fryslân. Dat is in moai momint om de gasten yn de kunde komme litte mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk op tongersdei 8 july in oanbod foar restaurants, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘IIs foar Eef’ foar de jongste gasten.

 

Keimpe hâldt fan Fryske ferhalen

Keimpe de Krokodil makket al in oantal jierren Frysk lêzen leuk foar skoalbern fan 4-8 jier. En no giet Keimpe op reis! By Keimpe op reis wurde de spultsjes en ferhaaltsjes yn it Frysk oanbean. Dêrneist wurdt ek de taalfariaasje fan de regio of stêd brûkt, dus it  Biltsk, Dokkumers en Franekers. Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne, by de hân naam yn it Nederlânsk en Ingelsk. Sa binne de produkten nijsgjirrich foar minsken dy’t Frysk, Biltsk, Dokkumers of Franekers prate, mar bygelyks ek foar toeristen fan bûten de provinsje.

 

Meartalich Waadhoeke

De gemeente Waadhoeke is der grutsk op in meartalige gemeente te wêzen. Net allinnich wurde de offisjele rykstalen brûkt yn Waadhoeke, mar ek it Biltsk en it Frjentsjerters binne talen dêr’t de gemeente graach omtinken foar hat. Under oaren troch mei te dwaan oan dit projekt fan de Afûk, set de gemeente har yn foar de sichtberens fan de fjouwer talen. Wethâlder Jan Dijkstra: “Ik bin bliid dat de hoareka dit no oppakt. Goed foar ûnderskidendhyd, eigenwearde en it serieus nimmen fan de klanten.”

 

Wêr is Keimpe yn Waadhoeke?

Yn Waadhoeke fine jo de Keimpe de Krokodil-placemats en de lêsboekjes ‘IIs foar Eef’ by de folgjende restaurants:

  • - Zwarte Haan yn Sint Jabik,
  • - HCR de Harmonie yn Seisbierrum,
  • - de Blikvaart yn Sint Anne,
  • - Bloemketerp yn Frjentsjer
  • - en The Friezinn yn Westhoek.

Taalwethâlder Jan Dijkstra oerlange hjoed by restaurant Blomketerp yn Frjentsjer de placemats en de boekjes mei de Fryske en Frjentsjerter tekst. Dat die hy oan manager Tjeerd. By Restaurant Zwarte Haan naam eigner Jacob de Biltske fersys oan fan de wethâlder.  Stifting Bildts Aigene sil de placemats en de boekjes noch fierder útsutelje by restaurants op it Bilt.

 

Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod. Stifting Bildts Aigene en ut Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers hawwe de oersettingen fersoarge foar de Biltske en Frjentsjerter teksten.

Bedriuwen dêr’t Keimpe de Krokodil ek wolkom is, kinne har oanmelde fia www.keimpe.frl.

 

 

 

 

Hulp vóórdat de schulden oplopen

Inwoners van Harlingen, Terschelling, Vlieland en Waadhoeke die betalingsachters…

 

Eerste subsidies Lokaal Sportakkoord uitgedeeld

De kopgroep van het Lokaal Sportakkoord heeft de eerste subsidies uit het budget…