Terug naar Verenigingen nieuws

Jeugdtoniel makket promoasje “deagewoan” wier.

Gepubliceerd op:

Jeugdtoniel makket promoasje “deagewoan” wier. It ôfrûne jier is it jeugdtoaniel fan toanielferiening Elts syn Rol promovearre fan de tredde nei de earste divyzje. De jongelju hiene dêrom dit jier wat wier te meitsjen. Op freed en sneon 19 en 20 april 2014 holden sy it publyk in spegel foar mei it stik “Deagewoan”. Yn dizze spegel waard yn byld brocht hoe’t elk mins in stimpel opdrukt kriget. En by elk stimpel heart in piltsje dêr’t jo de stimmingen mei ûnderdrukke kinne. Tagelyks waard dúdlik dat dizze stimmingen en piltsjes niks mei mekoar te krijen hawwe. It wie dan ek in ferhaal fan dizze tiid, mei emoasjes fan dizze tiid. Flot skeakeljend tusken trije aparte sênes op it toaniel. Ik nim jim mei yn it ferhaal. Wy komme yn in ynstitút wêr’t in groepke minsken behannele wurd. De pasjinten hawwe allegear in nûmer op. Hiel nijsgjirrich wurdt by it begjin fan it stik yn byld brocht hoe‘t eltse pasjint ek noch in stimpel opdrukt kriget. Foar ús as publyk wie fan dit momint ôf dúdlik wat der te rêden wie. Sa hiene wy te meitsjen mei pasjinten mei u.o. spliten persoanlikheden, adhd, syndroom fan Jilles(=Gilles de la Tourette), selsoerskattingen, gokverslafing, ensfh.. De pasjinten waarden goed ûnder ‘e tomme holden troch de direktrise fan ‘e ynrjochting dy’t ik it bêste beskriuwe kin as strang en ûnsympatyk. Dizze rol waard dan ek bysûnder passend delsetten. Omdat wurke waard mei trije (ôfsunderlike) aparte “mise en scenes”, waard ek mei beljochting hieltyd tusken de ferskillende sênes skeakele. Dêrtroch ûntstie in bysûnder ôfwikseljend toaniel. It kaam allegearre hiel profesjoneel oer. We seagen neist de sikeseal wer’t de patinten mei-inoar libben dan ek de (behannel-)keamer fan ‘e direktrise. Yn ‘e midden wie der in apart plakje foar it himeltsje. Wat jo je foarstelle moatte oer it himeltsje is in byld dat ik jo einlings net echt útbyldzje kin. Wol dat de harp in grutte rol spile, mei dêrby it byld fan twa minsken dy’t stoarn wiene en wer’t sy delseagen op it barren yn it ynstitút. In plom foar de minsken die dit betocht hawwe. Wy hiene yn it begjin sjoen dat in soan mei syn mem oan it hurddraven wie en mem dêrby yn mekoar sakke wie. Dêrby kaam sels meagere Hein mei de seine yn byld. Wy seagen har werom yn it himeltsje. Yn it ynstitút kaam de jonge, der’t de mem fan yn it himeltsje wie, in famke tsjin. Ek dizze mem wie neffens har yn ’e himel. It waard ien fan ‘e reade triedden fan it stik. De teksten lieten sjen dat we te meitsjen hiene mei modern toaniel. Hjirby binne de teksten rjocht foar de raap. Jo kinne je foarstelle dat as jo minsken mei alhiel ferskillende persoanlikheden bymekoar sette dat je dan wol wat meimeitsje kinne. Mar de isolear-sel biedt ek dêr sa no en dan útkomst. As blykt dat min de medisinen stikem fuort goait, wurdt ûndersyk dien en ûntstiet ûnder lieding fan Fenna aksje nei de ynspeksje. It is it begjin fan it ôfskie fan ’e direktrise. De pasjinten binnen net langer in nûmer. Mei in prachtich slot wurd ôfskie nommen fan it stik “Deagewoan”. In steande ovaasje is de bekroaning op it toanielspyljen fan dizze jonge minsken. By de útfiering wiene ek twa leden fan de karkommisje oanwêzich. Sy kamen in pear dagen letter harren befiningen dielen mei de spilers. As skriuwer fan ‘e krante mocht ik derby oanwêzich wêze. Foar de spilers en de regisseurs Jantiene en Ant, wiene der kompliminten en wurdearring. Oer it toanielspyljen, de oanklaaiïng, en it entûsjasme fan ‘e jeugd wie men tige ynnommen. Fansels wie der oandacht foar ferbetterpunten. De jeugd lústere dan ek mei sân pear earen en it die bliken dat sy fan doel binne om it kommende jier de útfiering noch spannender te meitsjen. DICK

Coronasubsidie voor culturele instellingen Waadhoeke

 tijdelijke coronasteun voor culturele instellingen.

 

Welkom terug in de kerk

Als kerkenraad zijn we dankbaar dat we vanaf a.s. zondag 20 juni de de…