Terug naar Verenigingen nieuws

Ferhalen en muzyk op MidSimmerJūn yn Rie

Gepubliceerd op:

Tal fan artysten op woansdei 20 juny Rie - In festival fol mei moaie en leuke ferhalen en muzyk. Om yn styl en sfearfol mei elkoar de langste dei fan it jier te fieren. Dat is de MidSimmerJūn yn Rie. Fanwege it skrikkeljier is de langste dei dizze kear net op 21, mar op woansdei 20 juny. Tusken 19.00 en 24.00 oere binne der allegear foarstellings en optredens yn it doarp en sjogge wy mei elkoar de sinne ūndergean. MidSimmerJūn begjint om 19.00 oere mei in konsert fan de band The Tranquis, mei prachtige teksten en melodieuze harkmuzyk. Om 20.00 oere startet in omgong troch it doarp, en krijt elkenien fjouwer foarstellings te sjen. Ien dźrfan wurdt jūn troch dichter/performer Nyk de Vries. Hy stie al op tal fan ynternationale poadia en makket oeral yndruk mei syn foardrachtskeunst. It echtpear Jan Arendz & Marijke Geertsma sil sterke ferhalen fertelle, sa't se dat ek sśksesfol dienen yn harren foarstelling Sterk Staaltsje. Singer-songwriter Jan de Vries jout in optreden, en it duo Peter Vermaat en Douwe Kootstra fertelt ferhalen. Dan, om 22.00 oere, giet de jūn fierder op de iisbaan. Hjir sjogge wy de sinne ūndergean en spilet it muzykkorps de LB Band. Dźrnei jout Emiel Stoffers fan De Hūnekop in solo-optreden. De jūn wurdt ōfsletten mei in moai konsert fan The Feetwarmers. Om 0.00 oere is de MidSimmerJūn dien, en hat elk foar net mear as 7,50 euro (kassa 10 euro, bern o/m 12 jier fergees) in prachtige jūn hān. Dat is noch gjin euro per foarstelling! De foarferkeap is yntusken begūn. Kaarten bestelle kin fia ynfo@midsimmerjunrie.nl, of sjoch op #link:www.midsimmerjunrie.nl:www.midsimmerjunrie.nl; By min waar hat it festival plak op binnenlokaasjes. Der is op woansdei 20 juny gjin fuotbalwedstryd op tv, dus gjinien mist wat fan it EK.

Opening MFC It Stedhƻs

Zoals jullie in de vorige editie van deze dorpskrant hebben kunnen lezen, zijn w…

 

Kom in beweging en maak kennis met de tennissport,

Kom in beweging en maak kennis met de tennissport, ontwikkel jezelf en krijg je …