Terug naar Nieuws.

Waadhoeke siket senioaren foar testen fytsrûtes

Fanút it programma Doortrappen hat de Fytsskoalle, in ûnderdiel fan de landelijke Fytsersbûn, fytstrûtes útset yn Waadhoeke. Mar ek yn oare gemeenten yn Fryslân. Sa wolle de gemeenten en de Fytsersbûn in netwurk meitsje fan fytsrûtes dy feilich te fytsen binne foar senioaren. 

 

Yn Waadhoeke binne twa rûtes fanút Berltsum en ien fanút Frjentsjer útset. En no is de gemeente noch op syk nei minsken dy’t dizze rûtes teste en beoardiele wolle yn july en augustus 2020.

Wolle jo in rûte teste?
De rûtes, rûtebeskriuwingen en it beoardielingsformulier kinne jo fine yn de Bibliotheek yn Frjentsjer (Sint Martiniplantsoen 41) en by Bakkerij Wijnsma yn Berltsum (Buorren 10). It beoardielingsformulier kinne jo ynfolle en opstjoere nei de Fytsersbûn. In postsegel is net nedich:
Fietsersbond/Fietsschool
t.a.v. testen Doortraproutes
Antwoordnummer 4309
3500 VE Utrecht

Wolle jo it leaver digitaal ûntfange? Dat kin ek. Stjoer dan in mailtsje nei de Fytsskoalle: fietsschool@fietsersbond.nl. En fermeld dêrby fan hokker plak as jo in route ûntfange wolle. Jo ûntfange dêr ek in link by nei in koarte fragelist oer de route.

Rûtes fêststelle
Yn septimber nimt de Fytsskoalle de boardielingsformulieren troch en sil sjen oft der oanpassings nedich binne as net. As alles goed liket kinne de rûtes festlein wurde as offisjele Doortraprûte.

Doortraprûtes
It is in inisjatief fan de Fryske Fytsskoalle. En wurdt makke yn opdracht fan it Regionaal Orgaan Ferkeersfeilichheid en de Fryske gemeenten, as ûnderdiel fan it lânlike oerheidsprogramma Doortrappen.