Terug naar Nieuws.

Parseberjocht Ferjongjende FNP organisearret Jûn foar Fryslân

BERLTSUM - Twa jonge FNP’ers organiseare op 15 maart yn Berltsum ‘De Jûn foar Fryslân’. De inysjatyfnimmers Sijbe Knol (28, Sint Anne) en Aant-Jelle Soepboer (29, Nijewier) wolle sa sjen litte dat it yn Fryslân noflik wenjen en libjen is.

 

Yn ’e Rânestêd wurdt gauris tocht dat it in deade boel is op it plattelân. Mar de regio’s binne springlibben! Fryslân hat in bloeiend ferieningslibben dat fan alles organisearret, seit Knol. ‘‘Der binne oansprekkende eveneminten en prachtige tradysjes lykas karbydsjitten en optochten. Wy kinne hjir in hiele soad. Wat de minsken meiïnoar delsette, makket my grutsk.’’

Mar guon tradysjes stean ûnder druk. Gemeentlike regeljouwing slacht somtiden troch, troch skaalfergrutting en it tinken yn gefaren, seit Soepboer. Hy rjochte dêrom it FNP-meldpunt foar bedrige tradysjes op. ,,Jo moatte minsken krekt eignerskip en ferantwurdlikens jaan’’, fynt Soepboer. ,,De Fryske doarpsmienskippen libjend hâlde, maatwurk leverje wêr at dat kin!”

It meldpunt is ien fan de serieuze ûnderdielen fan de jûn yn discotheek Sans Souci. Frijwilligers fan eveneminten lykas de Biltse Lammetsymet en it Veenhoop Festival fertelle oer knipepunten, mar diele ek oplossings mei de seal. Dêrnjonken is de jûn fral in feest mei muzyk en wille.

Publykslûkers binne de jonge aktrise en presintatrise Sylvana IJsselmuiden (Dumpert) en Johannes Rypma, dy’t de seal opwaarmje sil mei in konsert. De organisaasje ferwachtet folk út ’e hiele provinsje, dêrom wurdt de âlde tradysje fan it discoferfier wer ynfierd.

Sijbe Knol is riedslid yn de gemeente Waadhoeke en nûmer 3 op de list foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten. Aant-Jelle Soepboer is riedslid yn Noardeast-Fryslân en set him ek yn foar de steateferkiezings.

----------------------------------

BERLIKUM – Twee jonge FNP’ers organiseren op 15 maart in Berlikum ‘De jûn foar Fryslân’ (De avond voor Friesland). De initiatiefnemers Sijbe Knol (28, Sint Annaparochie) en Aant-Jelle Soepboer (29, Niawier) willen laten zien dat het in Friesland prettig wonen en leven is.

Zie artikel: "Persbericht Jûn foar Fryslân" om verder te lezen.