Terug naar Nieuws.

Hillige boeken, fier fan hûs - De Thora rollen fan Ljouwert –

Fan l nei rj: Tiede, Bindert en Janke Bosma

De Oudheidkamer en Dokumentaasje sintrum De Grúsert krigen op har jiergearkomste besite fan Annet Huisman fan Omrop Fryslân.

 

Still út “The Scrolls of Leeuwarden”, de thora rollen yn Kfar Batya.

Sy frege om ynformaasje oer Bindert Bosma en de Joadske wetsrollen út Ljouwert. De omrop makket in film oer dizze wetsrollen. Die ynformaasje hiene wij wol. Dat hat der ta lieden, dat de première fan dizze film te sjen is yn de Menniste Tsjerke Vermaningsstrjitte 3 yn Berltsum. Dizze jûn wurdt organisearre troch De Grúsert. De programmamakkers sille dan ek ien en oar fertelle oer dizze film en de eardere film dy’t der oer makke is yn 1965. Elts is wolkom om 19.15 oere. It begjint om healwei achten.

Guon Berltsumers binne wol bekend mei it ferhaal fan doarpsgenoat Bindert Bosma.
Gernier Bosma (1885-1886) ferstoppe yn de oarloch de Thora rollen fan de Ljouwerter Synagoge foar de ferneatigingsdrift fan de Dútsers.
Nei de oarloch waard it folsleine ynterieur fan de Ljouwerter synagoge skonken oan Kfar Batya, in jeugddoarp yn Israël. De thora rollen dy’t by Bosma yn de bedstee de oarloch oerleefden wurde dêr no noch alle dagen brûkt. Dit bysûndere ferhaal is yn 1965 ferfilme yn opdracht fan de Amerikaanske charity organisaasje dy’t de skoalle yn Israël stipet.
Fryslândok die ûndersyk nei dit ferhaal as spin-off fan de fjouwerdielige rige oer de Joadske Brulloft.
Eyal Boers, de pakesizzer fan Barend en Mimi Boers út dizze dokumintêres, is universitair dosint film en media yn Israël. Hy lit syn ljocht skine op dit ferhaal, mei help fan de âldomke-sizzer fan Bosma, Tresoar, en oaren. De meast yntrigerende fraach is miskyn wol, oft it fuortjaan fan de Ljouwerter Joadske erfenis in goed kar west hat, at we it besjogge mei de eagen fan no.

rezjy: Annet Huisman
kamera : Gerko Jonker
montaazje : Larissa Lokenberg
Fryslândok - Omrop Fryslân

Sneon 2 febrewaris 15.30 oere op NPO 2
Snein 3 febrewaris 13.00 oere op NPO2
Snein 3 febrewaris 17.00 en dan elts oere werhelling op Omrop Fryslân.

Foar ynformaasje kinne jo telâne bij

Annet Huisman (Omrop Fryslân) 058 2997799

Durk Osinga (De Grúsert) 06 17146134