Terug naar Nieuws.

De famylje Brouwer en it CFK keatsen yn Berltsum.

Der hat in tiid west dat der yn Berltsum 2 keatsferieinings wiene: VVV en Wardy. VVVwie de âldste fan dy twa en wie lid fan de KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaats Bond). Wardy, oprjochte op 2 maart 1934, wie lid fan de CFK (Christelijke Friese Kaatsbond).

 

De Berltsumers fan Wardy wiene der gau by: ien dei nei it oprjochtsjen fan de CFK waard Wardy lid fan dizze keatsbond.


It falt op dat de famylje Brouwer in grutte rol spile yn Wardy en de CFK. It giet hjir om 5 broers: Sierk, Lieuwe, Hisse, Taeke en Willem. Hja wiene alle fiif aktyf op it keatsfjild en guon fan harren hawwe har ek bestjoerlik ynsetten foar Wardy en de CFK.


Op tongersdeitemoarn 16 jannewaris dûke wy mei Wally Brouwer, soan fan Lieuwe Brouwer, yn de rike histoarje fan de famylje Brouwer en it keatsen yn Berltsum. Wally Brouwer wennet hjoeddedei yn Damwâld, mar hy is hikke en tein yn Berltsum. Hy hat syn spoaren fertsjinne as keatser en bestjoerder, sawol yn de CFK as yn de KNKB. Hy gong dêrmei fierder yn de fuotspoaren fan syn famylje.
Yn syn foardracht komme net allinnich de suksessen fan de keatsers fan de kristlike keatsferiening “Wardy” op de CFK wedstriden oan ‘e oarder, mar ek de moaie ferhalen om it keatsen hinne.

Eltsenien dy’t niget oan it keatsen en keatsferhalen hat is fan herte wolkom op:
tongersdeitemoarn 16 jannewaris, yn it “Centrum” (Bûterhoeke 1), de moarns om 9.30 oere.
Dizze byienkomst wurdt organisearre troch de “kommisje kofjemoarn” fan de protestantse gemeente Berltsum.

Wa’t min op de gong is en ferfier nedich hat kin belje mei Tjalling Dijkstra (tel. 0518-462291).