Terug naar Berltsumers aan het woord

31-03-Y Bram Visser - Ik jou de pin troch

Gepubliceerd op:
31-03-Y Bram Visser - Ik jou de pin troch

Door: Bram Visser - Ik jou de pin troch

Ik jou de pin troch, deze maand een bijdrage van Bram Visser No, dankewol Riekje. Sa ha ik tasein dat ik in stikje skriuwe sil oer mysels. Ik begin mar, en sjoch wol wr it ophld. Ik bin Bram Visser, berne yn maaie 1972 as soan fan Jaap en Saakje, en wenje myn hiele libben al yn it mooie plakje Wier. Fan berop bin ik molkfeehlder tegearre yn maetskip mei myn heit. Bin trouwt mei ld Berltsumer Tineke de Beer, en wy ha twa jongens. Jacob fan 7 en Thomas fan 3. Myn hobby`s binne myn VW kever, dy`t ik sa`n 10 jier lyn kocht ha, en mei help fan inkele Wiersters nei 2 jier wurk wer op e dyk krigen ha. Jimme sjoche my fst wol ris riden , in ljochtblauwe kever mei blauwe sinneklep en sa no en dan in rekje op it dak. Myn oare hobby is alles opgarje wat mar mei Wier te krijen hat, sa as lde foto`s, kranteknipsels en allehande nijskjirich guod. Twa jier lyn binne wy begn om de lde foto`s op de webside fan Wier te setten, eltse wike in stik as sn, en ik kin wol sizze dat dat in boppeslach west hat. Ik leau dat der no sa`n 600 opstean, en krije in soad reacties fan ld Wiersters. Mar de foto`s binne op. Dus mocht der immen wze dy`t noch wat lizzen hat, jou ld en ik helje se op, wy sette se op de webside en ik bring se wer werom. Of sjoch efkes op de webside www.wierfryslan.nl foar it mail adres info@wierfryslan.nl om se troch te mailen. Molkfeehlder yn Wier, wy binne de iennichsten noch dy`t oerbliuwn binne. Myn heit en ik binne it wol ris neigien. Wy ha no sa`n 150 stiks fee, likefolle at der yn de jierren 50 60 fan de foariche ieuw yn it hiele doarp wienen. Wiebe Wieling hie kij, Wiebe Wassenaar, Geale de Jong, Bauke Wiersma, Durk Zijlstra de Osinga`s, en der sille hjir en dr noch wol in pear stien ha. En net te ferjitten Feike Wiersma dy`t in pear jier lyn de molkij fuort dyn hat. Wat dat oanbelanget is it in deade boel wurden yn it doarp, mar dat is net allinich yn Wier sa, mar oeral. Doarpen binne deis leech, omdat eltsenien fuort giet nei syn wurk. Mar ik moat wol sizze dat at der minsken binne de gesellichheid der noch wol is, As is`t wol hieltied it selde ploechje. Wat dat oanbelanget soenen folle mear minsken mei dwaan kinne oan de aktiviteiten dy`t organiseare wurde. Mar ja, kinst se net twinge. En dat is spitich, want de frijwilligers dy`t it organiseare ha der in billich fol wurk fan. Ek bin ik noch secretaris fan it doarpsbelang Wier, De Doarpsrnte. Dit fyn ik moai om te dwaan omdat je op dizze wize in soad minsken treffe, en op plakken komme wr je oars net sa gau komme. Mar ek omdat it bestjoer t in ploech geselliche lju bestiet. Ik wit it, at it der op oan komt stiet it belang fan it doarp en har bewenners foarop, mar efkes gesellich neiprate heart der ek by fyn ik. s fergaderingen duorje dan ek wol ris tot nei ienen nachts, en dan binne it koarte nachtjes. Mar ach, at je dea binne kinne je noch lang gench lizze. Fjierders keats ik sa no en dan nochris by de pleatslike keatsferiening V.V.V. Wier, en winters biljart ik by it biljartklubke fan Wier, K.U.T. (krijt uw topje), ek wer in gesellich klupke fan in man as acht, mei in hapke en in drankje op syn tiid. Ik kin der noch hieltyd gjin myter fan, mar dat seit my neat, it giet der om dat je it nei it sin ha. No, dit wie it sawol fyn ik. Wr mat je it ek oeral oer ha.Ik wit noch net oan wa`t ik de pen trochjou. Ik ha al in pear frege , mar noch gjin reaksje werom kriegen. Dus dat sil dan noch wol in ferassing wurde. Groetnis Bram Visser

31-03-Y Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaal

Door: Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaalOude kaatstijden herleven voor bondspartuur…

 

31-03-Y Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -

Door: Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -Op de valreep... Tsja, en daar ga je da…