Terug naar Berltsumers aan het woord

30-11-Y Sito Wijngaarden - Ik jou de pen troch

Gepubliceerd op:
30-11-Y Sito Wijngaarden - Ik jou de pen troch

Door: Sito Wijngaarden - Ik jou de pen troch

in bydrage fan Sito Wyngaarden It is neffens my san 4 jier lyn dat ik foar it earst de Pen yn hannen treaun krych. En dr wied er alwer, de Pen. It is fansels ek mar in lyts doarpke, dat Berltsum. Op momint fan skriuwen sit ik op e Afk en bin ik dwaande mei de nije tv-commercials foar de kursuskampanje. Snt trije jier wurkje ik mei in soad wille oan in ferskaat oan Afk-projekten. De measte minsken kinne de Afk fansels as kursusynstitt, mar neist it fersoargjen fan kursussen jout de Afk boeken t, tydskriften lykas Heit & Mem en de Moanne en probearret de Afk oan e hn fan konkrete projekten lykas Tomke, Praat mar Frysk, Heit & Mem en Dat wie doe sa de kennis en it brken fan it Frysk te befoarderjen foar doelgroepen fan 0 oantemei 100 jier. Sa wurkje ik bygelyks mei oan it projekt Praat mar Frysk. Guon fan jim sille grif de reade opblaaslippen wol ris ergens hingjen sjoen hawwe; it ttsje fan Doutzen. Snt de start fan it projekt is it topmodel as ambassadrise, neist Foppe de Haan, Pieter Weening, Epke Zonderland, de band Equal Souls en Wout Zijlstra, ferbn oan de Praat mar Frysk-kampanje. Mei de kampanje wolle wy tegearre mei s ambassadeurs besykje om op in leuke en sympatike manier mear Friezen bewust meitsje fan de mearwearde fan harren meartalichheid, mar ek drompels weinimme om it Frysk te brken as dat kin. En dat kin fansels oeral wze; yn it sikehs, de supermerk, yn de bus of by de ferskate oerheidsynstnsjes hjir yn Frysln. Op www.praatmarfrysk.nl kinst fan alles en noch wat oer de kampanje en s leuke aksjes weromfine. In oar projekt drt ik oan meiwurkje is eduFrysk. In online taalomjouwing dyt ynearsten opset wie foar Friezen-om-tens om har memmetaal wer in bytsje op te skerpjen. Mar eduFrysk kin fansels ek in goed alternatyf wze foar minsken yn Frysln sels dyt de taal noch net goed machtich binne en dochs, bygelyks foar harren wurk, it skriuwen of lzen leare wolle. eduFrysk is drby ek in goed alternatyf foar minsken dyt wol in kursus Frysk dwaan wolle, mar net yn e gelegenheid binne om reguliere kursussen by te wenjen. Mei eduFrysk kinst Frysk leare yn dyn eigen tiid en wrtst mar wolst. Snt jannewaris 2010 bin ik binnen de Afk ek as redakteur ferbn oan it kultureel opinybld de Moanne. In prachtich eigentiidsk bld mei in breed omtinken foar en oer kultuer yn Frysln en alles wat dr nder falt. De Moanne rjochtet har oanbod benammen op de breed orintearre lzer, ynteressearre yn de kultuer en literatuer fan Frysln, de lzer dyt maklik Frysk lst of dr graach wat muoite foar docht en dyt foar it measte part djipgong preferearret boppe koartswyl. Nijsgjirige ynterviews, omtinken foar byldzjende keunst, muzyk, literatuer en toaniel. Al mei al haw ik by de Afk in prachtige baan mei in soad fariaasje wrbyt de tdaging him foar my net iens sa sear yn e algemiene doelstellings leit, dat rdt him wol. Mar oan it imago fan in taal kinst ek wat dwaan. Elk praat en skriuwt syn eigen taal en op syn of har eigen wize, mar ws net benaud om dy te brken. Sjoch de mearwearde fan dyn meartalichheid want dat makket dy as Fries dochs bst bysnder. Foar wat al te skiterich is om flaters te meitsjen of mear witte wol oer it Frysk of ien fan s projekten, by de Afk kinne wy dy altyd fierder helpe. Sito Wijngaarden

31-03-Y Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaal

Door: Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaalOude kaatstijden herleven voor bondspartuur…

 

31-03-Y Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -

Door: Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -Op de valreep... Tsja, en daar ga je da…