Terug naar Berltsumers aan het woord

30-09-Y Trienke Zijlstra - Ik jou de pin troch

Gepubliceerd op:
30-09-Y Trienke Zijlstra - Ik jou de pin troch

Door: Trienke Zijlstra - Ik jou de pin troch

Ik jou de pin troch, Deze maand een bijdrage van Trienke Zijlstra Dankjewol Meindert foar de pin. Ik bin wol bereid om in stikje oer myn libben te skriuwen. Fan wa bist do ien? is in fraach dy ik faak te hearen krij. No, ik bin ien fan Tjip en Sjoukje Zylstra. It lytse suske fan Roelof, Siety en Rintje. Letterlik it lytse suske want Roelof en ik skele mar leafst fjirtjin jier, Siety en ik tolve jier en Rintje en ik skele san jier. Tsjinwurdich is dat best wol bysnder. At ik yn de klasse fertelle moest hoefolle broers en suster ik hie en hoe ld at se wienen dan siet de hiele klasse my mei grutte eagen oan te sjen. Ik ha nea lest han fan it grutte leaftiidsferskil. Ik bin er just bliid mei want no bin ik muoike fan fjouwer geweldige tanteseizzers mei noch in fiifde tanteseizzer op komst. Ik ha myn hiele libben, 20 jier, yn de Kwekerijleane wenne. Snt koart wenje ik tegearre mei myn freon Jacob Dirk Tuinenga (better bekend as JD) yn de Krsstrjitte. Wy wienen al fjouwer en in heal jier by elkoar en it waar tiid om in stap fjirder te gean. No ik op mysels wenje bin ik der wol achter dat it ferhzjen t it ouderlik hs best wol in grutte stap is. Mem en ik houden s hiel grut op de dei dat ik oer gong, mar doe it ienkear safier stienen wy beide te snotterjen. Ik ha altyd mei in soad plezier ths by heit en mem wenne, se stienen altyd foar my klear en er wie altyd gesellichheid yn hs. Ik wol op dizze wei s heit en mem noch bedanke foar alle die moaie jierren. Yn it deistich libben bin ik studint. Mominteel folgje ik de oplieding Sociaal Pedagogische Hulpverlening op de Stenden hegeskoalle. Hjirfoar ha ik de oplieding Sociaal Pedagogisch Wurk dien. Doe ik der myn diploma foar helle hie, koe ik oan it wurk op yn de gehandicaptensoarch op in wengroep. Dit ha ik in heal jier dien en doe ha ik besluten om noch troch te learen op it HBO. Ik wurkje mominteel noch altyd yn de gehandicaptensoarch, yn it wykein en yn de faknsjes. Ik doch myn wurk mei in soad plezier, gjin inkele dei is itselde en ik meitsje altyd wol wat besnders mei. Ik fyn belangryk dat elkenien it measte t syn libben hellet, mei of snder handicap, je moatte der wat fan meitsje. Tsjinwurdich wurde minsken mei in ferstandelike beperking better begelied en mear akseptearret yn de maatskippij. Dochs soe ik dit noch wol mear sjen wolle. Minsken mei in ferstandelike beperking wurde faak noch as raar en eng sjoen en minsken witte net goed hoet se der mei om gean matte. Wilens minsken mei in ferstandelike beperking in soad behoefte hawwe oan sosjale kontakten. Myn grutste passie is sporte. Ik fuotbalje bij de dames fan SC Berltsum en sit by loopgroep Berltsum. Ik fuotbalje al fan of de Fkes. En sit no hast twa jier by de loopgroep. Minsken freegje my wolris: wat fynst dr no oan, drave? Der sit doch gjin inkel doel oan? Der bin ik it net mei iens. Foar my sitte er gench doelen oan it hurddraven. At je wer in pear kilometer fjierder drave of in persoanlik rekord drave op in fstn jout dat in kick. At ik in lange dei hn ha en ik gean jns efkes in stikje te draven dan kom ik ths mei in soad energy. Trochdat ik by de loopgroep sit ha ik in stok achter de doar. Mar it is boppe-al gesellich om mei in groep te draven, je krije goeie begelieding en je kinne je oan in oar oplke. At er earne in loop is dan geane wy der mei in hiele ploech hinne, allinnich soe ik al gau net gean, mar mei in groepke is it doch leuker. It fuotbaljen fyn ik ek geweldich, as in team besykje de winst te beheljen, foar elkoar fjochtsje en it mei syn allen dwaan. Foarnamelik de tredde helte fyn ik leuk en is belangryk foar de sfeer yn it team. Mei de froulju in wyntsje of bierke drinke yn de kantine en dan gesellich keuvelje oer fan alles en noch wat. Sinds koart hawwe wy twa teams en we hawwe in hiele leuke en gesellige ploech. It soe moai wze foar de fuotbalclub at wy twa teams behlde kinne. JD en ik binne beide bot belutsen by de klub, we dogge beide frijwilligerswurk by SCB. Ik sit by de aktiviteitenkommisje en bin coach fan de famkes. JD sit by de technyske kommisje en hat jierren trainer west. JD foutballet sels ek en spilet yn it earste fan Berltsum, wat hast by heal Berltsum wol bekend is. Tsja no ha ik alwer in heal stik skreaun, en ik ha noch safolle mear te fertellen mar ik sil jimme net ferfele mei in lang ferhaal. Ik bin mear ien fan koart mar krachtig. Om Meindert syn winsk te behlden en de jeugd mear oan it wurd te litten jou ik de pin troch oan Tryntsje de Jager, ek lid fan de loopgroep, sit by my yn it fuotbalteam en is fjierder noch aktyf by Klimop en it keatsen. Tryntsje... soest do wat fertelle kinne oer dyn libben? Trienke Zijlstra

31-03-Y Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaal

Door: Oude kaatstijden - Minsken mei in ferhaalOude kaatstijden herleven voor bondspartuur…

 

31-03-Y Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -

Door: Gilbert IJsselmuisen - ik jou de pen troch -Op de valreep... Tsja, en daar ga je da…