Terug naar Nieuws.

Wêr is de Berltsumer?

Sjoch at jimme allegeare op bêd lizze dan swalkje ik noch wolris troch it doarp. Meastiids is net sa drok. Op in ferdwaalde Berltsumer nei is it eins hiel rêstich op ‘e dyk. 

 

Mar de lêste tiid spoeket it wolris yn it doarp. Wat bedoele jo hear ik je tinken. No ik sil besykje it út te lizzen. Kinne jo dat…. It gefoel dat er ien efter jo oanrint. Mar at jo je omdraaie is der neat te sjen. Is er dan ek neat en sjoche jo spoken? As ferdwynt jo efterfolger krekt efter in strûk op it stuit dat jo him betraapje wolle. Dit gefoel bekrûpte my in skoftke lyn doe ik wer by tsjuster op paad wie. En net ien kear kin ik jo fertelle, it barre hieltiid faker. Earst wie ik in grutte bangeskiter en makke ik mysels de kop hielendal gek. Wie der no wol as net ien en at er al ien wie efterfolge er dan my as wie er mei wat oars dwaande? Ik koe twa dingen dwaan. Thús bluiwe. As útfine wat er oan de hân. Ik naam it beslút om it út te sykjen. Dus doe ik wer tocht dat ik net allinich yn it tsjuster om swalke dook ik sels efter in strûk. Ik wachte gedûldich ôf… En doe samar ynienen seach in stalte. In swarte skym mei in wyt gesicht. It sjen fan dizze skym benaam my al efkes de azem mar ik wie safier kommen dus no moest ik trochsette. De skym wie underweis nei it doarpshûs mar krekt doe ik efter him oan soe fleach de skym it Heechhout yn mar er ek wer út. En ja doe rûn myn nachtlik aventoerke op it ein. Ik wie de skym ut it each ferlean. In bytsje teloarstelle liet ik my de kop sakje en soe ik op hûs oan. Mar doe seach ik it…de skym hie in kaartsje falle litten. It lyk jiskepûster wol. Yn stuit fan in glêzen slofke liet de skym in kaartsje efter. Op it kaartsje stie in ôfbylding fan de skym en de tekst: Wêr is de Berltsumer? Wat soe dit betsjutte? En wa soe hjirre mear fan witte. Ik naam it beslút omris te hifkjen by de mannen fan de hoeke. No ja hoeke, tsjinwurdich hinget de alderein mear by de fuotbalkantine om. Hjir hearde ik dat de skym wolris faker op paad wie. En net allinich by tsjuster mar ek by rein en sinneskien. Sa wie er ek by de mudrun. Net yn’e drek mar op in solex. En de skym is ek alwer yn it Heechhout west. Dizze ferhalen makken my wol tige nijsgjirrich. Ik hearde ek dat de skym sels in eigen facebook side hat…wat in skande dat ik der as hûn no net op sjen kin. Wa is dizze skym? Is er ien as bin er mear? Witte jo wa dizze skym is? Soe de skym sich ea útlitte oar syn dwaan en litten? Ik witte it net, mar ik hald myn eachen en earen ipen want bang bin ik net mear. Ik fyn it eins wol in hiele stunt!


It Berltsumer hûntsje.