Terug naar Nieuws.

Net stinne mar rinne! Mar hoe komt it oar jier?

Litte wy it wol of net trochgean? Dat wie de grutte fraach yn’e WhatsApp-groep fan It Piipskoft op tiisdei 6 juny. Koade giel fan it KNMI, mar gjin ûnwaar, allinnich rein en hurde wyn. Rein is noch nea in reden west om net te rinnen.

 

Dus wie ús motto op Facebook: Net stinne mar rinne! Reinjas oan en gean! En dat wie in goed beslút. Der giene tiisdei 80 man fan start by de avond-4-daagse, wol wat minder as oare jierren mar dat hiene wy wol ferwachte. De 5 km kaam hielendal droeg oan, mar de 10 km hat wol in flinke bui hân op it lêst. Op woansdei wiene der nog wat extra rinners by kommen dus totaal in dikke 100 dielnimmers. Super resultaat! Freed startten wy wat earder sadat alle dielnimmers oanslúte koene by de beukers op it doarpsplein. In hiele protte bern wiene super moai ferklaaid! Ús kompliminten! Dernei mei syn allen ûnder begelieding fan it korps OpMaat nei It Piipskoft. Dêr krigen de beukers in medaille en in lekkere ijsko. De rest gie nei it Centrum om in medaille mar nog folle belangryker wie fansels: Wa krijt de wikselbeker foar de bêste outfit!?

De 3e priis gie nei it bruidspaar Anna en Jesper, de 2e priis nei Jorn en Niek die as spinners ferklaaid wiene. Mar de 1e priis wie foar Mila en Dagmar, sy wiene ferklaaid as lesauto!

It wie wer in tige slagge wike! Dit hie net kinnen sûnder de ynset fan ús fêste minsken en de hulp fan in soad frijwilligers. Bedankt allegeare.


Mar dan is wol de fraach: hoe komt it oar jier? Foar de measte bestjoersleden sit hun “termijn” der op en hawwe sy oanjûn kommend seizoen net mear fierder te wollen. Dat betsjut dat it bestjoer fan It Piipskoft nei de simmerfakânsje mar út 2 leden bestiet. En mei 2 minsken regelje wy net in avond-4-daagse as in Sinterklaas yntocht, karnaval, kleuterdisco’s, spultsjes mei Keningsdei, knutselmiddeis en nim mar op. Dus wolle jimme wat dwaan foar de bern yn it doarp? Lit jim heare...

(Sjoch hjir foar foto's)

Froukje-Berber Oliver
Foarsitter fan It Piipskoft