Terug naar Nieuws.

In lette resinsje oer: 'De klokken fan Berltsum' ... Opera yn’e Buorren.

Troch myn bėste freundinne Gats v.d. Meer waard ik útnoege om in pear dagen by har te kommen yn Berltsum.
Myn widze stie yn it bakkershûs Buorren nr.194. 

 

Ik bin no 83 jier en bin 60 jier ferline verhúze nei Amsterdam, 10 jier dėrnei nei Purmerend. Sels song ik 47 jier: 5 jier by 2 koaren werûnder it Amsterdams Gem.Koor, dernei yn it Purmerends Gem.Koor.

Doe it wurd Opera yn ‘e Buorren foel,wie ik tige benijd hoe dat wurde soe.


'Opera' troch hiel Berltsum? Dat wurd in mouilik organisearjen. Mar minsken it wie prachtig!!!
Ik ha ticht by de Toer wenne en hald fan sang en muziek. Een grut compliment oan de vrijwilligers, koaren, korps, solo sjongers en Albert Bonnema. Wy binne, Gads en ik mei rollator en stok, begongen yn 'Hof fan Holland' [bekinde namme].

De minsken krigen allegear ferskillende lintsjes oan de pols sa gongen wy troch de Buorren nei 'de Piip'. Wy alderen waard troch de gastfrou fan ús groep tige betocht. Wy krigen plak op bankjes foaroan. Dėr waard sang en teater út de tiid fan Napoleon, wer yn elts in afternamme krige, spile. Ek song de messosopraan it mooie lied 'When i am laid in earth' út de
opera Dido and Aeneans, prachtig!

By it hús wer vroeger de Runia’s wennen, spielen hja de razzia fan de Dutsers nei de februaristaking. Dernei it treurig sjongen, mar yndrukwekkend. Doe gongen wy nei nei de koepeltsjerke, wy mei ús wite lintsjes, as lėste nei binnen mar kamen foaroan te sitten. Geweldig!

De mezzosopraan hast njonken ús mei de harp, de bas en mezzo songen togeare in duet. Bonnema song: 'Panis angelicus' en sa fierder. Mar as letste it slot. Begounen de twa klokken te lieden, it korps te spieljen it koar te sjongen en de solisten.


EMOTIONEEL ONTROEREND.
In man, ik leauw dat hy Theunis hjit, brocht ús wer feilig mei syn auto nei de Kwekerijleane. De oare deis ofskie nommen fan myn leave gastfrou Gads, wer werom mei 'Valies'nei Purmerend. Eltsenien betanke foar dy moaie joun. Ik ha wakker
opskept oan kunde dat se yn Fryslān hiel goed gearwurkje kinne en ek stil wėze kine as it moai is. Minsken bedankt!

 

Mevrouw L. Palma