Terug naar Nieuws.

Hemmemapark docht mei oan “NL Doet”

“NL Doet”, de nasjonale frijwilligersaksje, wurdt fan’t jier hâlden op sneon 10 maart.
It Hemmemapark docht fanselts ek wer mei, want der is fan alles te dwaan yn it park.

 

In pear foarbylden: der moatte sa’n 35 wylgen knotte wurde en der sil ek in houtfersnipperder
wêze. De houtspuonnen wurde dan nei de fruitbeammen kroade en soargje dêr foar in natuerlike bemesting.

“NL Doet” start op sneon 10 maart om 8.30 oere by de wurkskuorre oan de Singel en duorret
oant in oere as tolve.

Frijwilligerswurk dogge je fanselts om’t je der nocht oan hawwe om wat foar it Hemmemapark te dwaan.
Boppedat pakt “NL Doet” fan ’t jier wer út mei koartingsbonnen foar de Gamma en de kofje smakket
poerbêst yn de gesellige gearsit by de wurkskuorre.

Wolst ek frijwilliger wurde by it Hemmemapark, meld dy dan oan by Matthé van Hout,
till. 0518-461449 en doch mei op 10 maart.

It bestjoer fan Stichting Hemmemapark.