Terug naar Nieuws.

Berltsum easket har stêdsrjochten werom fan Frjentsjer

Janneke Bergsma, inistjatyfnimmer stedsrjochten Berltsum, wie freed 29 desimber 2017 yn petear mei Omrop Fryslân.

 

Berltsum wol de stêdsrjochten werom fan Frjentsjer. Yn de 14e en 15e iuw soe it plak kenmerken hân hawwe dy't oan in stêd tinken dogge. Berltsum soe harsels hjirtroch om it jier 1355 hinne in stedsrjochten jûn hawwe, mei it akkoard fan de riedsleden fan Westergo. Berltsum wurdt sels stêd neamd yn in brief fan de Dútske Hanzestêd Lübeck. Op 6 jannewaris wurde de rjochten op teätrale wize wer opeaske yn Frjentsjer. Hjirnei wurde se rinnend werombrocht nei Berltsum. Presintator Joline Dalstra praat yn Fryslân fan 'e Moarn mei Janneke Bergsma, inistjatyfnimmer stedsrjochten Berltsum.

Harkje hjir nei it radiofragment fan Omrop Fryslân.