Terug naar Berltsumers aan het woord.

Douwe van Dijk

Douwe van Dijk: “As je je draai net fine kinne, dan geanne je op syk nei wêr't je draai dan wol is!”

 

It wite húske neist de Agra, dêr wenne Douwe van Dijk. Hjoeddedei wennet er yn Perth, Austraalje. Douwe groeide op mei syn heit, mem en twa sussen. “Neist hús hie ik de autogaraazje, der haw ik oant en mei 2011 wurke. Dernei bin ik stoppe mei de garaazje. Ik woe wat oars, der op út.

Op in paad, sa bin ik begûn oan myn reis troch Austraalje. Ik haw sa’n sân moanne troch Austraalje reizge. Tegearre mei in freon haw ik in auto kocht en dêryn ha we troch hiel Austraalje west. Nei in jier wie ik wer nei hús ta gien en bin ik de sportwrâld yn gongen.” Douwe ruilet it waarme Austraalje om foar it kâlde waar yn Eastenryk. Der giet der oan it wurk as ski ynstrukteur. As hy wer werom komt, docht hy de oplieding ta personal coach, sportynstrukteur en medyske coach. Hy wurket in skoftke yn Ljouwert mar kin syn draai hjir mar net fine.

“It slagge my net in libben hjir wer op te pakken, en doe bin ik opnij reizgjen gien. Yn 2015 bin ik nei Azië gien en der haw ik fan alles besjoen. Dernei bin ik my ferdjipjen gien yn de sportwrâld en yn Austraalje wie dat doe slim opkommend en ynteressant. Ik kaam út yn Perth en dêr bin ik op syk gien nei de mooglikheden om hjirre oant wurk te gean. Ik
moast opnij in oplieding dwaan, want myn papieren wiene hjirre net jildich. Ik haw myn diploma’s helle en doe ek mynfreondinne troffen. Tegearre runne wy sûnt in jier in sportskoalle yn Perth.”
Perth is de haadstêd fan West Austraalje en der wenje sa’n 1,3 miljoen minsken. Undanks it ôfhandich plak fan Perth ten opsichte fan de rest fan Austraalje, hinget der dochs altyd in relaxte sfear. “Hjoeddedei wurkje ik tegearre mei myn freondinne fulltime yn de sportskoalle. We begjinne moarns in oer as fiif en geane dan troch oant in oer as alve. Dan is it even rêstich en fan twa oant acht is it drok en binne we wer fulltime oant wurk. Neist ús wurk, is der net folle frije tiid. Ik haw gjin tiid foar hobby’s en in echt sosjaal libben sit der ek net echt yn. As ik dan dochs frij bin, dan mei ik
graach motorride en nei it strân.”

Douwe is noch net fan plan werom te kommen nei Berltsum. Syn libben is no yn Austraalje. “Natuerlik mis ik myn freonen, famylje en myn sosjale libben. En dat is ek it grutste neidiel dat ik hjirre no wenje. Oan de oare kant, it wurk dat ik no doch, is yn Nederlân net sa te dwaan as dat ik no doch. Dat wol ik echt net opjaan. Derneist is myn freondinne natuerlik ek in goeie en moaie reden om hjirre te bliuwen. Yn Nederland koe ik myn draai net fine en bin ik op syk
gien nei wêr't dat wol slagge. En dat is my slagge. Ik wenje mei in soad wille en plezier yn Perth en kom hjirre foarearst noch net wei!!”